Plysjeman oppakt foar ûntucht

© Omrop Fryslân
In 41-jierrige haadplysjeman fan it plysjedistrikt Snits is woansdei op non-aktyf set. Hy wurdt fertocht fan ûntucht mei in minderjierrich famke. De man is woansdei oanhâlden en sit fêst.
It delikt dêr't de plysjeman fan fertocht wurdt, hat neat te krijen mei syn wurk. It spilet yn de priveesfear. It buro ynterne feilichheid fan de plysje Fryslân ûndersiket de saak. Kollega's fan it buro Snits ha skrokken reagearre op it nijs.