Mooglik ûntslaggen by Talant

© Omrop Fryslân
De fakbûnen binne benaud foar ûntslaggen by soarchynstelling Talant. De bûnen ha tongersdeitemoarn mei de rie fan bestjoer fan Talant praat oer de ûnrêst dy't ûntstien is ûnder de goed 4000 personielsleden.
Talant moat dit jier 1,7 miljoen euro besunigje, sa waard yn oktober ferline jier bekend makke. De fakbûnen ha sterke oanwizings dat it tekoart folle grutter is. De ried fan bestjoer wol noch net reagearje op de situaasje.