Sykjen nei giffetten is stilset

19 feb 2004 - 00:00

De marine yn Den Helder is woansdei ophâlden mei it sykjen nei de giffetten dy't mids desimber fan it skip de Andinet ôfwaaid binne. De fetten binne net fûn. Der is socht yn in part fan de Noardsee by de kust fan Texel en Flylân.

Rykswettersteat hie de marine opdracht jûn om dêr te sykjen. Foar't der fierder socht wurdt, moat der in nije opdracht komme. Yn de fetten sit it gif arseenpentokside. Stifting De Noordzee fynt dat der net goed genôch socht is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)