Ferbouwing Frysk Natuermuseum

19 feb 2004 - 00:00

By de ferbouwing fan it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert is tongersdeitemoarn it heechste punt berikt. Fjouwer peallen fan tweintich meter heech binne yn de binnentún fan it museum delset.

Se moatte it glêzen dak drage, dat oer de binnentún hinne komt. It museum is fanwege de ferbouwing al in skoft ticht. Yn desimber fan dit jier moat alles klear wêze. De ferbouwing kostet seis miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)