Van der Schoot sport-jeugdtalint

© Omrop Fryslân
Judoka en keatser Grada van der Schoot fan Seisbierrum is woansdei útroppen ta sport-jeugdtalint fan Frjentsjerteradiel. Se wie ferline jier Frysk kampioen judo en 2e op de Noardlike judokampioenskippen. Ek wûn se de jeugd-PC by it keatsen.
De sportfrou en -man waarden ek bekend makke. Dat binne atlete Monique Seerden en keatser Michel van der Veen. It frouljusteam fan AVC Seisbierrum waard sportploech fan it jier.