Nicolai Drachten moat ferhúzje

19 feb 2004 - 00:00

Autosloperij Nicolai oan de Folgsterleane yn Drachten moat nei alle gedachten ferhúzje nei it yndustryterrein. By in kommisjegearkomste tsjinnen de omwenners in soad beswieren yn tsjin de útwreiding fan de autosloperij op de hjoeddeistige lokaasje.

Dêr soe in ûnfeilige situaasje ûntstean mei in soad lûdshinder. Wethâlder Veenstra sei ta dat er mei Nicolai en syn buorman prate sil oer in oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)