Gjin aksje touringcarbedriuwen

© Omrop Fryslân
De Noardlike aksjedei dy't de fakbûnen oankundige hiene foar de touringcarbedriuwen giet tongersdei net troch. Troch in flater fan it fakbûn CNV is de cao-aksje foarearst ôfblaasd.
It CNV hie earst yn saneamde trijekwart fergaderingen mei de leden beslute moatten oft der ek aksje fierd wurde soe yn de sektor. Dy fergaderingen wêrby't dus trijekwart fan de oanwêzigen neffens de eigen regels stimme moatte, binne net holden.