Ryptsjerker docht syn ferhaal

19 feb 2004 - 00:00

De Ryptsjerker dy't fertocht wurdt fan de ûntfiering fan Lusanne van der Gun, wol nije wike graach syn kant fan it ferhaal fertelle. Dat seit syn advokaat Van der Goot. Nije wike tongersdei is de rjochtsaak yn Ljouwert.

De 63-jierrige Ryptsjerker hat in drege tiid hân yn de finzenis en yn it Pieter Baan Sintrum yn Utrecht, seit Van der Goot. Lusanne van der Gun waard yn augustus ferline jier ûntfierd en in pear dagen letter fûn yn Venlo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)