Gjin fergunning kantoarekompleks

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân jout gjin fergunning foar de bou fan in kantoarekompleks op de hoeke fan de Zuiderhogeweg en de Gauke Boelensstraat yn Drachten. It bedriuw Innoplan woe op dat plak graach syn eigen kantoar bouwe.
De gemeente giet net akkoart mei de nijbou omdat der te min parkearromte by it gebou wêze soe. Boppedat soarget it LPG-benzinestasjon oan de oare kant foar problemen.