Kabinet moat skipsbou helpe

18 feb 2004 - 00:00

It kabinet moat him mear ynsette foar de Nederlânske skipsbou. Om't no ek Spanje mei stipe oan de eigen skipsbou- sektor komt, lykje de Nederlânske hellingen definityf de slach te ferliezen.

CDA-Twadde-Keamerlid Roland Kortenhorst fan 'e Jouwer fynt dat de minister fan Ekonomyske Saken alle war dwaan moat om dat tefoaren te kommen. Hy krige foar syn útstel brede stipe yn de fêste keamerkommisje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)