Trou-amtner Eringa mei bliuwe

18 feb 2004 - 00:00

Nije trou-amtners meie fan 'e gemeente Ljouwert net mear wegerje homohouliken te sluten. Dat stiet yn 'e nije trounota fan 'e gemeente Ljouwert. Foar de sittende Nynke Eringa dy't wegeret homo's te trouwen, wurdt in útsûndering makke. Eringa har kontrakt rint yn 2005 ôf en dêrnei mei se noch tsien jier bliuwe. Dy tsien jier is no ek de langste termyn dat in trou-amtner yn funksje is yn Ljouwert. Oars wie der gjin maksimum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)