Gjin fjoerwurk yn Kollumerlân

18 feb 2004 - 00:00

De gemeente Kollumerlân is bliid dat der gjin fjoerwurkopslach yn de gemeente komt. Minister Dekker fan romtlike oardering hat de Twadde Keamer witte litten ôf te sjen fan sa'n opslach om't der gjin bedriuwen binne dy't der oan meidwaan wolle.

Nei de fjoerwurkramp yn Enschede fjouwer jier lyn, binne de regels foar fjoerwurkbedriuwen flink oanskerpe. De fjoerwurkbedriuwen meie net mear yn de bewenne wrâld festige wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)