ATF-fabryk hie wol fergunning

18 feb 2004 - 00:00

It ATF-fabryk yn Drachten hie wol fergunning foar it ynsammeljen fan PCB- stoffen. Dat skriuwt steatssekretaris Van Geel oan de Twadde Keamer.

Ein desimber melde it VPRO- programma Argos dat ATF sûnder fergunning oalje mei PCB's ferwurke hawwe soe. De provinsje hat lykwols al earder fêststeld dat gjin foarskriften oertreden binne by it ferwurkjen fan de PCB's by ATF. Neffens Van Geel hat de provinsje dêr genôch op kontrolearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)