Kulturele gearwurking Drachten
Skouboarch De Lawei, muzykskoalle De Meldij en Poppoadium Iduna yn Drachten krije hast fiif miljoen fan de gemeente. Mei dat jild moatte se ûndersykje hoe't yn de takomst better gearwurke wurde kin.
Tocht wurdt oan mienskiplike húsfesting yn en om De Lawei, it by-elkoar bringen fan hoarekafasiliteiten en it mien- skiplik organisearjen fan festivals. De gearwurking moat de kultuer yn Drachten op in heger peil bringe.