Literêre bibelútjefte

© Omrop Fryslân
De nije, oekumenyske bibelfertaling komt ek yn in literêre edysje op de merk. Bibelútjouwer Jongbloed op It Hearrenfean jout de oersetting mei Querido út. It boek sjocht der gewoan út en moat lêzers lûke mei in kulturele ynteresse.
De nije oersetting ferskynt yn oktober. Der is tsien jier oan wurke. It moat de standertfertaling yn Nederlân wurde. De literêre edysje fan 2500 siden ferskynt yn in oplage fan 75.000 eksimplaren.