Ljouwert ferliest by ôfskaf ozb

17 feb 2004 - 00:00

Ljouwert driget foar elke ynwenner 100 euro te ferliezen, as it kabinet it plan mei de ûnreplik guod belesting trochfiert. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Foar it earst is berekkene wat it ôfskaffen fan de ozb bestjut.

Ljouwert soe 9 miljoen euro misrinne. Dêrmei is de gemeente lanlik sjoen hurd troffen mei in tredde plak. It Amelân en Skylge fertsjinje dêrfoaroer oan de maatregels: 30, 40 euro per ynwenner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)