Feilichheid op boaten besjoen

17 feb 2004 - 00:00

Avéro Achmea docht op de Hiswa ûndersyk nei de feilichheid op boaten. De maatskippij fersekert in soad boaten en tinkt dat boatsjefarders net de goede maatregels nimme om sa feilich mooglik te farren.

Sa'n 3000 minsken wurde op de beurs foar boaten ûnderfrege nei gasstellen en navigaasjesystemen. Ek wurdt frege oft de boat by it kadaster ynskreaun stiet. Avéro makket foar de simmer de konklúzjes fan it ûndersyk bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)