Eurosport net werom op kabel

17 feb 2004 - 00:00

Eurosport komt net werom op de kabel yn 9 gemeenten dêr't UPC it net beheart. UPC helle de sportstjoerder ein 2002 út it basispakket. De stjoerder koe doe inkeld ûntfongen wurde fia in digitaal pakket mei dekoder. Dat wie tsjin it advys fan de programmaried.

It Commissariaat voor de Media hat bepaald dat UPC Eurosport net werom hoecht te setten yn it basispakket om't UPC en Eurosport in ôfspraak ha oer it digitaal trochjaan fan de stjoerder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)