Learlingbemiddeling Snits sukses

© Omrop Fryslân
Bemiddeling troch learlingen is yn Snits in grut sukses. Op Magister Alvinus wurkje learlingen as neutrale tuskenpersoanen by rúzjes tusken oare learlingen of konflikten tusken learling en learaar. Doel is om rúzjes op te lossen foar't se eskalearje en dat der wapens op skoalle brûkt wurde.
Yn Fryslân is it projekt in primeur. Belangryk is dat learlingen leare dat konflikten by it libben hearre en dat mei praten ellinde tefoaren kaam wurdt.