Stappen tsjin bouwers Vleckehûs

17 feb 2004 - 00:00

Achtkarspelen nimt juridyske stappen tsjin de oannimmers dy't It Vleckehûs boud ha. It giet inkeld om belutsenen by de wetteroerlêst fan it MFC yn Surhústerfean.

Nei de oplevering fan it gebou yn 1999 wie der lekkerij troch flaters yn de konstruksje. De ferhuzing fan guon ynstânsjes nei it sintrum waard dêrtroch útsteld. En dat koste jild om't it gebou sa te min eksploitearre waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)