Buertûndersyk by Snakkerbuorren

© Omrop Fryslân
De plysje hâlde tiisdei in ûndersyk yn de omkriten fan de Dokkumer Ie by Snakkerbuorren. Yn it wetter fan de Ie waard moandeitemiddei it stoflik omskot fan in 53-jierrige man út Assen fûn.
It is noch net dúdlik hoe't de man yn it wetter bedarre is. In frou fan 44 jier út Ljouwert is oanhâlden. De plysje ûndersiket har rol by de saak. De plysje wurket mei 12 minsken oan de saak. It slachtoffer wenne op in boat dy't yn de Dokkumer Ie leit.