Man ferwûne by stekpartij

17 feb 2004 - 00:00

De plysje hat twa mannen út Drachten oanhâlden. Se wurde derfan fertocht by in stekpartij belutsen te wêzen. Dy stekpartij wie moandei yn in hûs oan 'e Kennedylaan yn Drachten. In Drachtster (39) rekke dêrby sa slim ferwûne dat er nei it sikehûs moast. De manlju hienen nei alle gedachten rûzje oer jild.

De plysje siket in man dy't op it momint fan 'e stekpartij by in flat oan 'e Kennedylaan oan it kollektearjen wie. Mooglik kin er wat mear fertelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)