15 jongeren op jûn Lemsterlân

17 feb 2004 - 00:00

Foar de earste jongereinjûn fan 'e gemeente Lemsterlân wie moandei net folle belangstelling. De gemeente hie alle 130 jongeren fan 17 en 18 jier persoanlik mei in brief útnoege, mar der kamen mar fyftjin nei it gemeentehûs op 'e Lemmer.

De jûn wie in inisjatyf fan riedslid Ursi Frehner (D66). Europarlemintariër Herman Vermeer (VVD) hâlde in praatsje oer Europeeske polityk. It is al wis dat der in ferfolch komt op 'e jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)