Boubedriuw Jorritsma yn opspraak

© Omrop Fryslân
Boubedriuw Jorritsma Bouw út Boalsert ûntkent elke belutsenheid mei in nije boufraude. It bedriuw waard moandei yn in berjocht op de foarside fan deiblêd De Telegraaf neamd yn ferbân mei dubieuze betellings oan it boubedriuw Boele en Van Eesteren.
By de saak soene ek âld-minister fan Ekonomyske Saken Annemarie Jorritsma en har sweager Hylke belutsen wêze. De betellings soene west ha by de bou fan in skoalle yn Dronten.