Hans Vonk wol nei oare klup

© Omrop Fryslân
Keeper Hans_Vonk (34) hat besletten om Hearrenfean oan ´e ein fan it seizoen te ferlitten. Nei acht seizoenen en 250 wedstriden by Hearrenfean wol Vonk noch ien of twa jier by in oare klup yn Nederlân of it bûtenlân fuotbalje.
Vonk is dwaande mei syn sechtjinde seizoen yn it betelle fuotbal. Hy begûn yn 1988 by RKC en spile ek by Wageningen en Den_Bosch. Vonk kaam yn 1996 nei SC Hearrenfean. Hy wie ek keeper fan it alvetal fan Súd-Afrika.