Gjin ôfskiedkonsert Reboelje

© Omrop Fryslân
De Fryske band Reboelje jout definityf gjin ôfskiedkonsert. Dat stiet te lêzen op 'e ynternetside fan de band. De wichtichste reden is dat sjonger Marius de Boer foar sa'n konsert it goede gefoel net mear oproppe kin. Hy is bang dat it ôfskiedkonsert op in teloarstelling útrinne sil.
Novimber ferline jier hold de Frysktalige band der nei 16 jier mei op. Reboelje brocht foarich jier noch in muzykteaterstik oer Gysbert Japiks.