Soad animo Slachtemaraton

16 feb 2004 - 00:00

De organisaasje fan de Slachtemaraton ferwachtet dat de ynskriuwing foar de kuiertocht fan 12 juny noch dizze wike fol is. Ofrûne sneon is de ynskriuwing begûn.

Minsken koene in bon út de krante opstjoere of har opjaan fia ynternet. By dat lêste wie safolle animo, dat it stopset is. Oars soe it ûnearlike konkurrinsje mei de opjeften per post wêze. Mei-inoar kinne der 11.000 rinners meidwaan oan de Slachtemaraton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)