Hearrenfean - Willem II: 1-1

© Omrop Fryslân
Yn de Holland Casino earedivyzje wiene sneontejûn fjouwer wedstriden. Ien dêrfan wie Hearrenfean - Willem II. De wedstriid waard spile yn it Abe Lenstrastadion. It wie Marcel Seip dy't yn de earste helte rekke kopte en Hearrenfean op 1-0 sette.
Hearrenfean wie sterker, mar gie yn de twadde helte te folle mei yn it minne spul fan Willem II. Dy makke yn de lêste minút noch lyk troch in doelpunt fan Caluwé. Net ien hie dêr op rekkene.