Oarlochsmonumint yn Sonnegea

© Omrop Fryslân
Sonnegea krijt in oarlochsmonumint foar sân alliearden dy't dêr 60 jier lyn omkaam binne. De manlju wiene yn in bommewerper ûnderweis nei Berlyn en waarden boppe Fryslân delsketten troch de Dútsers.
Bysûnder is dat it monumint der komt troch de ynset fan de famylje fan ien fan de slachtoffers. Op 4 maaie sil út Austraalje de frou oerkomme dy't it inisjatyf foar de stien naam hat. Se sil dan har broer betinke.