Feiling foar jongereinsintrum

15 feb 2004 - 00:00

Mei in feiling ha jongeren op De Jouwer sneontemiddei hast 2000 euro ophelle foar de bou fan in eigen jongereinsintrum. De bouplannen hjirfoar lizze klear en binne goedkard.

De gemeente Skarsterlân hat lykwols de taseine subsydzje fan 700.000 euro weromlutsen fanwege besunigingen. De jongeren wolle no sels besykje jild by inoar te garjen. By de feiling gie ûnder oare in sinjearre boek fan fuotbaltrener Korbach ûnder de hammer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)