Oanlis Esonstêd leit tiden stil

© Omrop Fryslân
Troch in beswierprosedure dy't al hast in jier duorret, leit de bou fan fakânsjepark Esonstêd by de Lauwersmar stil. De omwenners hawwe der in soad argewaasje fan. De earste húskes hiene dizze maitiid al klear wêze moatten, mar it is noch in grutte binde. Dat komt de útstrieling fan it doarp net te'n goede, fine de ynwenners.
De gemeente kin net folle dwaan. De oarsaak is in beswierskrift fan de Waadferiening.