'Waad net op slot sette'

© Omrop Fryslân
Der moat romte bliuwe foar ekonomyske ontwikkelingen by de Waadkust del. Dat skriuwe de Keamers fan Keaphannel, wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW en it midden- en lytsbedriuw yn Fryslân, Grinslân en Drinte yn in brief oan minister Dekker fan romtlike oardening.
It ministearje wurket op it stuit oan in nije saneamde Planologische Kernbeslissing foar de Waadsee. Dêr stiet yn hoe't yn de takomst omgien wurdt mei it Waad.