'Argyf Gaasterlân wol tagonklik'

14 feb 2004 - 00:00

De krityk fan deputearre Mulder, earder dizze wike, op de tagonklikheid fan de argiven fan acht gemeenten yn de Súdwesthoeke, is folslein ûnterjochte. Dat sizze de argyfmeiwurkers fan Gaasterlân-Sleat.

Argyfmeiwurker Gert Muizer seit dat it argyf yn syn gemeente wol hiel goed tagonklik is. Minsken kinne der alle wurkdagen terjochte. De ynventaris stiet ek op ynternet. De meiwurkers ha in email nei de provinsje stjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)