CDA'ers stean achter asylbelied
De CDA-leden hawwe sneon ynstimd mei de resolúsje fan de Fryske ôfdieling foar in minskliker asylbelied. Dat barde op it CDA-kongres yn Utrecht, dêr't 1600 leden wiene. De resolúsje fan it CDA-Ljouwert foar in rommer pardon waard mei in oare resolúsje en in moasje fersmiten.
De CDA-keamerfraksje moat har no ûnder oaren sterk meitsje foar de skrinende gefallen en útprosedearre gesinnen, dy't net útinoar helle wurde meie.
Trefwurden:
argyf