Ophokplicht foar hinnen en einen

13 feb 2004 - 00:00

It Produktskip Plomfee en Aaien hat de branche opdroegen piken, kalkoenen en einen de kommende tiid yn de hokken te hâlden. Dat yn ferbân mei de fûgelgryp- situaasje yn Azië. De saneamde ophok- plicht jildt foar 15 febrewaris oant 30 april. Dat is de fûgeltrekperioade.

De branche fynt dat er alert reagearje moat nei it drama fan de fûgelpest fan foarich jier. De NLTO is ien fan de partijen dy't soarge hat dat de ophokplicht ta stân kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)