FarmFriends grut súkses

© Omrop Fryslân
Friezen stypje royaal Tanzaniaanske boeren. Dat blykt út de lêste sifers fan FarmFriends yn Wommels. Dat helpt mei jeften boeren yn Tanzania oan goeie kij en sa oan in bettere takomst. Der komt safolle jild dat de plannen bysteld wurde kinne.
Boeren krije fan FarmFriends in ko, dy't se werombetelje kinne mei de molke fan it bist. Trije jier rint FarmFriends no en der binne al 40 kij fuortjûn.