Noardeast-Fryslân fielt feilich

13 feb 2004 - 00:00

Noardeast-Fryslân is en bliuwt ien fan de feilichste plakken fan Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de NHL ûnder de 4 gemeenten út dat gebiet. Oan minsken is frege hoe feilich se har fiele yn it gebiet en hoefolle wenwille se ha.

Oer it algemien fiele de minsken har feilich, mar by 30 prosint is it wol ris oars. Lykas by oerlêst fan jongeren yn Kollumerlân en de ferkearssituaasje op de diken yn de gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)