Nijpels as tv-presintator

© Omrop Fryslân
Ed Nijpels sil mei yngong fan snein in nij 13-dielich ekonomysk programma presintearje op RTL 5. It programma hyt Back to Business en sil gean oer de sterke en swakke punten fan ús moderne ekonomy. Nijpels ûntfangt gasten út it bedriuwslibben en de polityk.
It is foar Nijpels net it earste tv- programma dat er presintearret. Hy wie earder te sjen yn 'Tros Aktua in bedrijf' en 'Licht op Groen', in programma oer miljeurenovaasje.