Húsdokters mooglik yn aksje

13 feb 2004 - 00:00

Fryske húsdokters riede publyks- freonlike aksjes ta foar it gefal minister Hoogervorst fan Folkssûnens fêsthâldt oan syn plan foar in eigen bydrage foar de húsarts.

De minister wol dat minsken tenei per dokterskonsult in eigen bydrage leverje. Hy wol dêrmei de kosten foar de sikesoarch yn de hân besykje te hâlden. De húsartsen binne benaud dat de drompel foar in doktersbesite foar minsken te heech wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)