Rjochtsaak tsjin Frisia Sâlt

12 feb 2004 - 00:00

Tolve lâneigners út Noardwest-Fryslân en sâltfabryk Frisia út Harns troffen inoar tongersdei foar de rjochter. De eigners besykje om mei in koart pleit de fergunnings fan Frisia foar de oanlis fan in nije piiplieding te ferneatigjen. De lâneigners ferwachtsje mear skea as gefolch fan sâltwinning.

Frisia ferwachtet grutte finansjele skea by útstel fan 'e oanlis fan 'e nije piip. De rjochter docht oer twa wike útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)