Sulveren Skries foar Ecolana

© Omrop Fryslân
Ecolana fan Holwert krijt de Sulveren Skries. De natuerbehearsorganisaasje hat in brakwetterprojekt betocht. De Skries is in priis foar it bêste plan foar agrarysk natuerbehear. Neist in sulveren leppel krijt Ecolana hast 2800 euro foar it útfieren fan it projekt.
Fjouwer oare projekten ha ek jild krigen. Ien derfan is Lânskipsbehear Fryslân. Dy kijt 10.000 euro foar it ferbetterjen fan it leefgebiet foar de ringslang.