Totempeallen Himrik wer oerein

12 feb 2004 - 00:00

De totempeallen fan De Himrik wurde freed wer oerein set. Ein 2002 waarden se omseage. In Jobbegeaster (40) is derfoar beboete. Hy fûn de peallen heidensk. Nije peallen soene 12.000 euro kostje moatte. It slagge net om de kosten op de Jobbegeaster te ferheljen.

In ûndernimmer op De Himrik hat in konstruksje makke wêrtroch de âlde peallen wer brûkt wurde kinne. De totempeallen binne al jierren de blikfanger fan it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)