FNP: ferkiezingsbuorden ôfskaffe

© Omrop Fryslân
De FNP-Dongeradiel wol de grutte buorden mei posters fan politike partijen ôfskaffe. Fraksjefoarsitter Pytsje de Graaf hat foarsteld om de buorden net op 'e nij te pleatsen. De Graaf fynt ferkiezingsbuorden mei heal ôfskuorde en ferwaaide affysjes gjin gesicht. Boppedat kin de gemeente sa besunigje.
It kolleezje woe earder stimlokalen yn lytse doarpen slute. Dat hoecht net mear tanksij de alternative besuniging.