SC Jupiter yn Frysk fuotbaltenú

© Omrop Fryslân
Jonge fuotballers yn Sri Lanka rinne meikoarten yn Fryske shirts en broekjes. De sportklean binne ophelle troch fuotbalklub WWS út Wurdum.
Inisjatyfnimmer fan de aksje is Piet Bronger út Ljouwert. Hy hat al fjirtin kear op Sri Lanka west en giet op 5 maart wer. Hy sil by dy gelegenheid de 60 shirtsjes en broeken oerlangje oan fuotbalklub SC Jupiter út Negombo.