Reax tinkt oer nije projekten

© Omrop Fryslân
Reax wol mear deibestegingsprojekten opsette foar dak- en thúsleazen yn Ljouwert. Ferline jier is it reyntegraasjebedriuw al begûn mei in projekt om strjitôffal op te romjen. Dat projekt is in sukses.
Reax tinkt oer nije projekten, lykas it sortearjen fan âlde klean. It bedriuw siket noch jild om de projekten op sette te kinnen. Der moat ek in plak komme foar binnenaktiviteiten foar dak- en thúsleazen.