Grimbergen fjirde yn Grins

© Omrop Fryslân
Petra Grimbergen fan Nij Beets is woansdei fjirde wurden by de 13e maraton yn de KNSB/Essent-kompetysje yn Grins. Winner wie Jenita Hulzebosch-Smit. Se wie de rapste yn de massasprint. Twad waard Danielle Bekkering, tred Jolanda Langeland.
It klassemint wurdt oanfierd troch Linda Verdouw. Se einige yn Grins as sande mar hat tritich punten foarsprong op de nûmer twa yn it klassemint Danielle Bekkering.