Jeroen de Vries wint yn Grins

© Omrop Fryslân
Jeroen de Vries fan Sint Nyk wie woansdeitejûn de fluchste maratonrider op it keunstiis fan Kardinge yn Grins. De Vries ûntsnapte yn 'e finale út in kopgroep fan fiif man en kaam sadwaande as earste oer de streek. Koen Lankhaar waard twadde, Frans de Ronde tredde.
Yn it klassemint giet de striid nooch hieltiid tusken Cedric Michaud en Jan Maarten Heideman. Sy waarden woansdei fjirde en fyfde. Peter de Vries fan It Hearrenfean waard tsiende.