RKC - SC Hearrenfean: 0 - 0

12 feb 2004 - 00:00

SC Hearrenfean kaam woansdei yn in hele matige wedstriid yn Waalwijk net fierder as in doelpuntleas gelykspul tsjin RKC. Richard Knopper miste yn it begjin fan 'e twadde helte in penalty. Keeper Khalid Sinouh fan RKC wist de ynset fan Knopper te kearen.

SC Hearrenfean wie wat ferswakt troch it ûntbrekken fan Sibon, Selakovic en Venema. Ek RKC kaam net fierder as in skot op 'e latte en sa bleau it 0-0 yn it Mandemaker Stadion.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)