Rekordtal besikers Boot Holland

11 feb 2004 - 00:00

De wettersportbeurs Boot Holland yn it FEC yn Ljouwert hat dit jier it absolute rekord fan 53.500 besikers helle. Dat is sawat 10.000 mear as ferline jier. Dat seit projektmanager Jurgen Scholten.

Scholten is wiis mei it resultaat, ek om't alle oare grutte wettersportbeurzen mei sakjende besikerstallen te krijen ha. Op Boot Holland is ek goed ferkocht. Besikers fan de beurs binne benammen fyftigers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)