Rjochtsaak tsjin Jaap vd Meulen

11 feb 2004 - 00:00

Foarsitter Jaap van der Meulen fan it Frysk Hynstestamboek leit ûnder fjoer. Der komt in rjochtsaak fan ruterferiening Ruterwille fan De Jouwer. De feriening hat in kontrakt mei V.d. Meulen om gebrûk te meitsjen fan syn stoeterij op De Jouwer.

Mar V.d. Meulen soe de feriening allinnich mar tsjinwurkje. Sa meie se net sels bepale op hokker tiden se yn it gebou kinne. Ek meie se gjin gebrûk meitsje fan de kantine of it húske.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)